Jeugdlintsje foar jongerein Harns
De jongerein yn Harns sil tenei yn it sintsje set wurde mei in lintsje. Dat de gemeenteried fan Harns woansdeitejûn besletten. It CDA kaam mei dit foarstel.
De partij wol dêrmei bern en jongeren earje dy't harren aktyf ynsette foar de mienskip en foar oare minsken. Neffens de partij kin dat ek oare jongeren oansette om sok wurk te dwaan.