Auto's total loss by ûngelok

15 apr 2012 - 15:29

By in auto-ûngelok op de A31 tusken Dronryp en Marsum binne sneintemiddei twa auto's folslein fernield. De auto's bedarren by it tankstasjon fan Q8 yn de sleat tusken autodyk en tankstasjon. By it ûngelok rekken beide bestjoerders licht ferwûne.

In 20-jierrige automobiliste út Seisbierrum ried rjochting Ljouwert en helle de auto yn fan in 30-jierrige frou út Ljouwert. Dêrby rekke se dy har auto en beide auto's bedarren yn de sleat.

Trefwurden: 
ûngelok A31 total loss
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)