Xenos ûntslacht 250 wurknimmers

20 jan 2016 - 19:41

Winkelbedriuw Xenos skrast likernôch 250 banen. Sa wol it bedriuw de leankosten werombringe. Xenos hat no noch ûngefear 3.500 minsken yn tsjinst. Dy wurkje yn sa'n 250 winkels. Dêrfan steane der seis yn Fryslân.

It wie de hiele dei al ûnrêstich op de wurkflier. Tiisdei kaam nei bûten dat it bedriuw alle meiwurkers byinoar roppe soe foar in meidieling. It tal minsken dat nei de winkels komt, rint werom.

Funksjes ferdwine

Om de kosten yn de hân te hâlden, rjochtet Xenos de besetting oars yn. Der komme mear oeren frij op de winkelflier. Dêr stiet tsjinoer dat ferskate liedingjaande en koördinearjende funksjes ferdwine. 

Fakbûnen teloarsteld

Fakbûnen ha teloarsteld reagearre. FNV-bestjoerder Jan Haagmans sei tsjin it ANP dat der yn it Nederlânske winkellânskip in konkurrinsjestriid geande is, dy't allinne mar ferliezers hat. 

Blokker

It memmebedriuw fan Xenos, Blokker Holding, is al langer dwaande de kosten werom te bringen. It ôfrûne jier waarden by de winkels fan Blokker al sa'n 400 banen skrast. 

Trefwurden: 
Xenos baneferlies
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)