Ynwenners Súdwest-Fryslân tinke mei oer besunigings

20 jan 2016 - 18:18

Súdwest-Fryslân rieplachtet har ynwenners oer hoe't de gemeente omgean moat mei de oankundige besunigings. Yn de kranten en op social media ropt de gemeente boargers op om mei te tinken. Kommend jier moat de gemeente 4,5 miljoen euro besparje.

Boargers dy't ynteresse hawwe om mei te tinken, wurde yn ploechjes bymekoar set. Elk ploechje betinkt besunigingsplannen op it mêd fan ûnder oaren soarch, underwiis en sport. De teams komme yn totaal seis kear bymekoar. Woansdeitejûn wie de kick-off. Der wiene sa'n 150 ynteressearre dielnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)