Harkiten lûke nije spits oan

15 apr 2012 - 14:14

Harkemase Boys hat foar takom seizoen de 22-jierrige spits Heine Uuldriks oanlutsen. Uuldriks spilet op dit stuit by sneins-twadde klasser Hoogezand, dêr't er al 25 treffers op syn namme skreau. De spits trainde de ôfrûne moannen mei by sportklup Veendam en liet dêr in goeie yndruk efter.

Earder al waard bekend dat Romano Denneboom de Harkiten takom seizoen ferruilet foar sneins-topklasser FC Lienden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)