Strjitrôver pakt yn Drachten

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn oan de Heasouder yn Drachten in Drachtster (25) oanhâlden op fertinking fan strjitrôf. De plysje tinkt dat de man belutsen wie by it stellen fan in tas fan in frou út De Like (42). Dat barde oan 'e ein fan 'e middei yn in steech by de Drachtster Merk.
Yn de tas fan 'e frou siet de deiopbringst fan de winkel dêr't se wurket. De tas waard út har hannen skuord troch in fytser, dy't har fan achteren benadere. De man waard de jûns oanhâlden op grûn fan it sinjalemint. De man hie likefolle jild by him as de frou miste.
De plysje mist noch wol de giele boadskippetas fan de frou mei dêryn har learen hântas. Wa't de tassen sjoen hat wurdt fersocht om kontakt op te nimmen mei de plysje.