Lieuwe Westra rekket ferwûne by falpartij yn Tour Down Under

20 jan 2016 - 10:32

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is tiisdei yn de twadde etappe fan de Tour Down Under hurd ûnderút gong. Westra hat neat brutsen, mar hat wol ferskate ferwûnings oan de knibbel, earmtakken en it skouder. De falpartij fûn in kilometer foar de finish plak.

It hat gjin gefolgen foar it klassemint, want alle hurdfytsers krije deselde tiid. Nei alle gedachten stapt Westra woansdei wol wer op de fyts foar de tredde etappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)