Koartebaanwedstryd Steggerda giet woansdei net troch

20 jan 2016 - 10:02

De koartebaanwedstryd fan iisklup Vooruitgang yn Steggerda giet woansdei net troch. De snie dy't tiisdei fallen is, spilet de klup parten. Hoewol't de baan jûns mei man en macht skjinmakke is, hat de snie der foar soarge dat it iis net genôch oangroeid is.

It is dêrom net fertroud om de 30 manlju dy't him foar de wedstryd opjûn hienen, dêr op ride te litten. De dielnimmers binne yntusken op 'e hichte brocht dat de wedstryd net trochgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)