FrieslandCampina jout boeren skeafergoeding

20 jan 2016 - 09:12

FrieslandCampina jout boeren in skeafergoeding om't se molke rinne litte moasten troch de izel fan twa wiken lyn. It suvelbedriuw koe in oantal boeren net berikke om't de diken te glêd wienen. Dêrtroch hienen de boeren tefolle molke en moasten se it rinne litte.

De lederied fan FrieslandCampina hat dêrom tiisdeitejûn besletten om de melkfeehâlders hjirfoar te kompensearjen. It bedrach dat de boeren krije, wurdt fêststeld op basis fan it gemiddelde fan jannewaris. FrieslandCampina skat yn dat der foar 1,6 miljoen euro fergoede wurde moat.

"Logysk"

LTO Noord is tefreden mei it feit dat FrieslandCampina mei in kompensaasje komt foar boeren dy't molke rinne litte moasten troch de izel.

"Het is niet meer dan logisch dat getroffen boeren financieel gecompenseerd worden", sa seit Dirk Bruins, bestjoerslid fan de fakgroep melkfeehâlderij. It bedrach fan 1,6 miljoen euro dat kompensearre wurdt is nei ferhâlding mei de tusken de 4,5 en 5 miljoen kilo molke dy't de boeren kwytrekke binne, sa fynt Bruins.

Hûnderten boeren yn it noarden fan Nederlân moasten molke fuort rinne litte. De kompensaasje foar de net-ophelle molke wurdt fêststeld op basis fan it gemiddelde molkjild oer jannewaris 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)