Rykswettersteat en KNMI warskôgje foar glêdens

© Omrop Fryslân
Ferkear moat der woansdeitemoarn rekken mei hâlde dat diken pleatslik noch glêd wêze kinne. De trochgeande diken en de sneldiken binne goed begeanber. Provinsjale en Rykswettersteat hawwe oant middernacht sâlt struid en ek woansdeitemoarn betiid binne de struiweinen wer útriden.
It KNMI hat yn ferbân mei de glêdens ek koade giel ôfjûn.