Sneekweekfilm yn Snits yn premjêre

20 jan 2016 - 00:46

Yn Snits wie tiisdei de Fryske premjêre fan de Sneekweekfilm. Yn dizze thriller krijt in groep freonen in moardner achter harren oan as se meidogge oan de Snitswike. De film, mei ûnder oaren Ferry Doedens yn in haadrol, gie moandei al yn premjêre yn Amsterdam, mar boargemaster Hayo Apotheker hie regele dat Snits syn eigen premjêre krije soe.

Op de premjêre kamen in soad minsken of. De film draaide yn mar leafst trije sealen tagelyk en ek foar de bioskoop wie it in grutte drokte mei minsken dy't in glimp opfange woene fan de haadrolspilers.

"3 kear neat"

De miening oer de film wie nei ofrin ferdield. Sa wie net elkenien like bliid mei de wize wêrop't Snits en de Snitswike yn byld kamen. Neffens boargemaster Apotheker is it lykwols in goeie promoasje foar Snits.

Stedsdichter Henk van der Veer fan Snits wie minder posityf. "De titel is misleidend. Dit sei my drie kear niks."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)