Sineeske toeristen wolle wolris wat oars, Ljouwert dan mar?

Ljouwert kin yn 'e takomst folle mear toeristen út Sina nei Fryslân helje. Dat tinkt Rick Chen. Hy wurket yn de Sineekse toeristebrânsj. Benammen it feit dat Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa is, kin in soad Sinezen nei Fryslân helje.
Hieltyd mear Sinezen gean op fakânsje en neffens Chen wolle se ek wol ris wat oars as besites oan Parys, Venetië en Amsterdam. Ferslachjouwer Wendy Kennedy prate mei Chen. It langere ferhaal oer Ljouwert en toerisme stiet op www.finsteropfryslân.frl.