Sûnens kontrolearje litte op spesjale sûnmerk yn Drachten

19 jan 2016 - 17:59

In soad minsken kamen tiisdei ôf op de Sûnmerk yn Drachten. De âlderein koe dêr ûnder oare de sûnens kontrolearje litte troch bloeddrukmjittings, krêftmjittings en oare testen.

De merk waard organisearre troch Sûnenz. De organisaasje wurket gear mei in soarchpartner. It is in soarte fan ferbining tusken dokters en sikehuzen. Sûnenz hat as doel âlderein sa lang en fit mooglik selsstannich wenje te litten.

De merk wie de earste yn in rige fan fjouwer. Sa wol Sûnenz de finger oan de pols hâlde. 'We kunnen zo de metingen met elkaar vergelijken en mensen adviseren over hun gezondheid. Het is een soort van zetje in de rug wanneer hun gezondheid bijvoorbeeld verslechtert,' leit betinker fan de merk Michiel Dijkman út. Neffens him wurket de merk as in 'eye opener' foar in soad âldere minsken.

Trefwurden: 
Sûnmerk Sûnenz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)