VVD tsjin de komst fan grut azc nei Ljouwert

De VVD-fraksje yn de gemeenteried fan Ljouwert sil tsjin de komst fan in nij asylsikerssintrum stimme. It kolleezje fan b. en w. hat mei it COA plannen om yn it âlde postsortearsintrum oan de Snitsertrekwei yn Ljouwert in azc foar 600 minsken te fêstigjen.
Neffens de VVD docht Ljouwert al mear as genôch foar flechtlingen. Sa fangt de gemeente mear statushâlders op as troch it ryk fêststeld is. Dêrnjonken fine se in azc net in oplossing foar it probleem. Dêr sitte benammen statushâlders dy't net trochstreame kinne.