Beslút oer ljipaaisykjen útsteld

19 jan 2016 - 15:35

Deputearre Steaten hawwe tiisdei noch gjin beslút naam oer ûntheffing foar it ljipaaisykjen. Se binne der noch net út. Dat seit in wurdfierder fan de provinsje. De ferwachting wie wol dat tiisdei dúdlik wurde soe oft fan 't maitiid ljipaaisocht wurde kin of net.

De kwestje leit gefoelich. Ferskate organisaasjes, lykas Vogelbescherming Nederland, wolle dat it ljipaaisykjen ophâldt, omdat it striemin giet mei de ljip. Oan de oare kant makket it Bûn fan Fryske Fûgelwachten him soargen oer in ferbod, omdat dat ta skea giet fan de neisoarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)