Fryske boargemasters wachtsje stânpunt DS ôf oer aaisykjen

Fryske boargemasters wachtsje it stânpunt fan deputearre steaten ôf, foardat se beslute wat se dogge mei it earste ljipaai yn har gemeente. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân ûnder alle boargemasters.
Dy ha meielkoar ôfpraat dat se har net minge yn de diskusje oer it aaisykjen. Toch binne guon boargemasters hiel dúdlik oer wat se dwaan sille. Sa sizze Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf en Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân dat se it earste aai net yn ûntfangst nimme sille, ek al komt der in ûntheffing.
Mearderheid nimt aai yn ûntfangst by ûntheffing
Komt der in ûntheffing, dan wolle de measte boargemasters it earste ljipaai gewoan op it gemeentehûs yn ûntfangst nimme. Sy fine de tradysje belangryk en wolle dy yn stân hâlde.
Der binne ek boargemasters dy't krekt as kommissaris fan de Kening Jorritsma de greide yn wolle om it aai dêr te lotterjen, as der gjin ûntheffing komt.
Oaren fine dat der ophâlden wurde moat mei it aaisykjen as it earste aai fan in gemeente fûn is.