Garaazje útbaarnd by útslaande brân yn Drachten

Utslaande brân yn garaazje yn wenwyk Drachten © Sicco Riedstra
Yn in garaazje oan de Gauke Boelensstrjitte yn Drachten hat tiisdei in koarte en fûle brân west. De brânwacht wie benaud dat it fjoer oerslaan soe nei in njonkenlizzend wenhûs. Dêrom moast der in ekstra brânwachtauto komme. Mar de brân wie gauwer ûnder kontrôle as ferwachte en dêrom koe de ekstra auto earder werom.
By de brân binne gjin ferwûnen fallen. Hoe't it fjoer ûntstean koe, wurdt noch ûndersocht.