LDODK wint ek op it fjild

15 apr 2012 - 12:21

Nei de promoasje yn de seal hat LDODK sneon ek har earste fjildwedstriid wûn. Op De Gordyk waard Amicitia út Vriezenveen mei 18-15 ferslein. Maklik gie it net, want LDODK kaam yn de earste helte mei 10-3 achter te stean.

Peter Lageweg makke sneon bekend makke dat hy nei dit seizoen ophâldt mei syn aktive kuorbalkarriêre. Lageweg (26) wie mei DOS'46 earder trije kear lânskampioen.

(advertinsje)
(advertinsje)