Reedrydwille yn Fryslân

19 jan 2016 - 12:54

Op ferskate plakken yn Fryslân wurdt riden op natueriis. Under oare op it Nannewiid, de Ryptsjerksterpolder en by Rotstergaast stappe reedriders it iis op.

Piet Sibma fan Rottum hat tiisdeitemoarn de earste streken op natueriis setten op it Nannewiid by Aldehaske. Hy hat goed trije kertier op de redens stien. In rûntsje ride wie noch net mooglik. "Ik hie der wat mear fan ferwachte, tocht dat it iis wat dikker wêze soe, mar it hat fannacht wat minder ferzen", seit er.

Moandeitejûn hie Sibma al betocht dat er it tiisdei besykje soe. It jout him in flinke kick om op natueriis te riden. "Dy stilte en dan dat fluitsjende iis ûnder de redens, dat is machtich moai". As it tiisdeitenacht genôch friest, dan is Sibma woansdei wer op it iis te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)