IIsbaan Haulerwyk net iepen; earste maraton yn Haaksbergen

De iisbaan fan Haulerwyk giet tiisdeitemiddei net iepen. Moandei hope de iisferiening yn it doarp noch dat it moandeitenacht genôch frieze soe, mar tiisdeitemoarn hat út in kontrôle bliken dien dat dat net it gefal is.
Foar de iisbaan fan Haulerwyk wurdt de skeelerbaan brûkt. Dêr hoecht mar in lyts laachje wetter op. By de kontrôle die tiisdeitemoarn lykwols bliken dat dat noch net allegearre beferzen is.
Primeur Haaksbergen
De earste maraton op natueriis wurdt tiisdeitejûn ferriden yn Haaksbergen. De KNSB hat dat tiisdeitemoarn bekend makke. De striid om de primeur gie tusken de iisbanen yn Noordlaren en Haaksbergen. By beide wie de fereaske iisdikte fan 3 sintimeter oanwêzich, mar de waarsferwachting foar Haaksbergen sjocht der better út.
Jorrit Bergsma
By de manlju stiet yn elts gefal Jorrit Bergsma út Aldeboarn oan de start. Hy is entûsjast: "Moai dat 'ie komt. Ik hie it leaver yn Noordlaren hân, want dan sit ik wat minder lang yn de auto, maar Haaksbergen is ek wol moai", sa is syn reaksje.
De froulju begjinne tiisdei om 18.30 oere. De maraton foar de manlju begjint om 19.30 oere.