BFVW driget mei rjochtsaak tsjin provinsje

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) driget nei de rjochter te stappen as deputearre steaten tiisdei beslute gjin ûntheffing te jaan foar it aaisykjen. Dat sei foarsitter Rendert Algra tiisdeitemoarn yn Ljouwert.
Hy die dat yn it provinsjehûs, nei it oanbieden fan in petysje foar it behâld fan it ljipaaisykjen. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma naam mei deputearre Johannes Kramer de 3.200 hantekeningen yn ûntfangst.
Histoaryske blunder
Tiisdei beslute deputearre steaten oer de kwestje. Neffens it BFVW soe it in histoaryske blunder wêze as sy de ûntheffing net ferliene. As dat al bart, wurde de leden oproppen om woansdei foar in ekstra fergadering nei Wommels te kommen. Dêr beslút it bûn dan definityf oer hokker stappen naam wurde sille.