Aksjegroep op Skylge: "Beskermje de Waadseekust"

19 jan 2016 - 09:40

De aksjegroep Natuerherstel Baai Dellewal op Skylge wol net dat der yn it kustgebiet fan Skylge bout wurdt. De groep fynt dat der in beskermingsplan komme moat foar de Noard- en Waadseekust. Lykas in protte natuerorganisaasjes en aksjegroepen, hat de aksjegroep in petysje tekene wêryn't frege wurdt om sa'n beskermingsplan.

De petysje wurdt tiisdei oanbean oan minister Schultz yn Den Haach. De petysje is in reaksje op it beslút fan de minister yn desimber om de regels foar bebouwing oan de Nederlânske kust ôf te skaffen.

Ferantwurdlikheid

It Ryk is troch it beslút fan de minister net mear ferantwurdlik foar de bou, mar de provinsjes en gemeenten meie sels beslisse wat der bart oan de kust. De aksjegroepen wolle dat de ferantwurdlikheid foar beskerming fan de kust wer by it Ryk te lizzen komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)