Toanielman ûnderskieden

© Achtkarspelen/Binne-Louw Katsma
De 81-jierrige Aan de Jong út Koatstertille is sneontejûn keninklik ûnderskieden. Fanwege syn ynset foar it Fryske toaniel waard er beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. De ûnderskieding waard him troch boargemaster Piet Adema fan Achtkarspelen opspjelde yn De Lawei yn Drachten. Dy die dat by in jûn fan de Stichting Amateurtoaniel Fryslân.
De Jong hat de ôfrûne fjirtich jier ûnder oare ferskate amateurselskippen regisearre. Ek beoardielt er as karmaster de foarstellings fan toanielferienings yn Fryslân.