"Drachtster Boys kin degradaasje foarkomme"

Marius Hendriks tinkt dat Drachtster Boys, nettsjinsteande it lêste plak yn 'e haadklasse, degradaasje út de haadklasse noch ûntrinne kin. Moandei kaam Hendriks foar it earst yn 'e kunde mei de seleksje fan de Drachtsters.
Sneon waard dúdlik dat de fuotbaltrainer sneonstreddeklasser SC Stiens ferruilet foar Drachtster Boys. Neffens Hendriks wurdt de wedstriid fan oankommende sneon krúsjaal. Dan spilet Drachtster Boys tsjin nûmer tolve SVZW út Wierden.
De Drachtsters stean yn 'e haadklasse op it lêste plak mei twa punten út trettjin wedstriden. De foarige haadtrainer Marcel van Buuren stapte ein desimber op, om't er as trainer yn Sina oan 'e slach koe.