Jong Cambuur ferliest thús fan Feyenoord

18 jan 2016 - 21:53

Jong Cambuur hat moandei mei 2-3 ferlern fan Jong Feyenoord. Nourredine Boutzamar makke de earste goal foar de Ljouwerters. Al gau folge in doelpunt foar de Rotterdammers troch Bart Nieuwkoop. Al wie dêr wol diskusje oer, om't de bal oer de doelline kaam fia de ûnderkant fan de latte. Feyenoord kaam op foarsprong troch Basacikoglu. De fjirde goal foar rêst makket Oger Klos foar Cambuur.

Yn de twadde helte wienen der noch ferskate kânsen. Uteinlik sjocht Cambuur hoe't Jens Toornstra Jong Feyenoord nei de oerwinning helpt: 2-3.

De wedstriid waard spile yn it Cambuurstadion yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)