Aaisikers pleatse protestbuorden by provinsjehûs

18 jan 2016 - 21:09

Aksjefierders hawwe moandeitejûn buorden pleatst by it provinsjehûs yn Ljouwert. Se wolle omtinken freegje foar it aaisykjen. Neffens harren moat deputearre Kramer him oan eardere beloften hâlde. Op ien fan de buorden stiet "Meer dan 2800 handtekeningen, Kramer belofte maakt schuld". De buorden moasten nei in kertier wer fuorthelle wurde fan de plysje.

It kolleezje fan deputearre steaten praat tiisdei oer it ôfjaan fan in ûntheffing foar it aaisykjen.

Trefwurden: 
aaisykjen provinsjehûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)