Petearen oer oername fallyt ferklearre winkels van V&D

V&D yn Ljouwert
De kuratoaren fan it fallyt ferklearre V&D sil de kommende dagen om tafel mei in partijen dy't de winkels en restaurants oernimme wolle. Se hawwe in skoft ferlyn sawat santich oanbiedings krige foar de oername. Dêr binne no noch in hânfol fan oer. Mei harren wurdt no fierder praat oer mooglike oername.
V&D waard op âldjiersdei fallyt ferklearre. De winkels en restaurant bliuwe foarearst iepen. De 170 meiwurkers fan de Ljouwerter V&D krije oant mids febrewaris útbetelle troch útkearingsynstânsje UWV.
Yn de rin fan fan 'e wike komt der nei alle gedachten mear dúdlikheid oer hoe't it fallisemint ôfhannele wurdt.