Mear as 50.000 hantekeningen foar Jitse Akse

Jitse Akse © Facebook, Jitse Akse
Mear as 52.000 minsken hawwe de online petysje tekene om âld-militêr Jitse Akse te stypjen. Hy waard ferline wike woansdei yn Arnhem oppakt om't er fertocht wurdt fan belutsenheid by it deadzjen fan leden fan de terreurorganisaasje IS yn Syrië.
Akse moast syn paspoart fan de rjochter ynleverje, om foar te kommen dat er wer nei Syrië ôfreizgje sil. In soad minsken fine Akse in held . Hy fertsjinnet in lintsje yn plak fan as krimineel behannele te wurden, miene se.