Fryske gemeenten slute har oan by Duurzaam Bouwloket

18 jan 2016 - 20:06

Fragen oer duorsumens en enerzjybesparring kinne tenei op ien plak steld wurde. Alle 24 Fryske gemeenten hawwe harren fan 'e wike oansluten by it Duurzaam Bouwloket. Dat is in ûnôfhinklik ynformaasjepunt dêr't minsken hinne belje kinne mei fragen oer bygelyks sinnepanielen of it isolearjen fan huzen. Der kin ek maild wurde. Friezen wurde yn it Frysk te wurd stien.

It loket kin online fûn wurde op www.duurzaambouwloket.nl/fryslan. Yn hiel Nederlân binne 105 gemeenten oanmeld. Doel is om safolle mooglik wenten enerzjyfreonliker te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)