"Konkreet plan foar flechtlingen nedich yn Achtkarspelen"

Boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen moatte mei in konkreet plan komme foar de opfang fan flechtlingen. Dat kin mei needopfang, mei in AZC of troch minsken mei in status ûnderdak te bieden. Dat seit it CDA yn Achtkarspelen. De partij fielt him ferantwurdlik foar minsken dy't op de flecht binne fanwegen oarloch of om politike redenen. In moanne lyn sei in mearderheid fan it kolleezje dat der gjin permanint AZC komt yn Achtkarspelen, omdat der gjin plak foar wêze soe. It CDA wol witte wêrom net.
De twa oare opposysjepartijen, VVD en ChristenUnie, fine ek dat it kolleezje har ferantwurding nimme moat. Neffens VVD-fraksjefoarsitter Lineke Kingma is 'it flechtlinghaadstik yn Achtkarspelen noch net sletten'. "It ûnderwerp bliuwt aktueel en wy moatte ree wêze om in lokaasje oan te wizen, want it COA sil seker wer mei in fersyk yn ús gemeente komme."
Fraksjefoarsitter Klaas Antuma fan de ChristenUnie fynt it 'net ferantwurde dat it kolleezje it sa ôfdien hat'. "De mooglikheden binne net goed genôch ûndersocht. Boppedat moat Achtkarspelen net allinnich sjen hoe't se flechtlingen opfange sil, mar ek hoe't de minsken in plakje yn ús mienskip krije."