Makkumer ferienings wolle eilantsjes foar de kust

Ferskate ferienings yn Makkum wolle foar de Iselmarkust fan Makkum oant Warkum trije eilannen kreëarje. It eilanneplan mei de namme Makkumer Lagune is betocht fanwege de plannen dy't der op it stuit makke wurde foar de mar. It giet dan ûnder oare om in wynmûnepark en in fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk. Der wurdt ek al skoften praat oer it ferheegjen fan it wetterpeil. Hegere golfslach by stoarm kin soargje foar skea oan de diken. De eilantsjes kinne de golfslach op de kust ferminderje en sa lijte jaan. Dat is goed foar lytsere boatsjes.
Bykommend foardiel fan de eilantsjes is dat in wynmûnepark yn de Iselmar minder yn it each falle sil. De eilannen biede mooglikheden foar swimmers, wettersporters en fiskers. Ek soe it gebiet tusken de eilannen en de fêste wâl ynrjochte wurde kinne as soart fan 'speedbaan' foar wynsurfers.
De kosten foar it plan wurde rûsd op 10 miljoen euro. De ferienings yn Makkum hawwe har ferienige yn de Projektgroep Kosta.