Joey van den Berg net akkoart mei skorsing fan 2 wedstriden

Joey van den Berg © awfoto.nl
SC Hearrenfean en Joey van den Berg gean yn berop tsjin it skikkingsfoarstel fan de KNVB. De oanklager betelle fuotbal easke moandei in skorsing fan twa wedstriden tsjin de middenfjilder, wêrfan ien ûnder betingst.
De KNVB fynt dat Van den Berg skorst wurde moat fanwege it neitraapjen fan in tsjinstanner by it duel PEC Zwolle-SC Hearrenfean, ôfrûne sneon. Hy krige foar dy oertrêding in reade kaart.
De saak wurdt tongersdei yn in sitting behannele troch de Kommisje fan Berop fan de KNVB.