Fibula fan Winaam wurdt digitalisearre

Ien fan de wichtichste archeologyske fynsten wurdt moandei digitalisearre: de fibula fan Winaam. Dat bart yn it depot fan it Fries Museum yn it ramt fan it projekt Kolleksjes Tichteby. Dat is in projekt wêrby't tsientallen musea kolleksjes digitalisearje en fia ynternet beskikber meitsje.
De fibula, in mantelspjelde, komt út it jier 600 nei Kristus en waard fûn yn de terp fan Winaam. Mei spesjale fototechniken wurdt de fibula fan alle kanten op de foto setten.
De digitale fibula is meikoarten te sjen op de webside archeologie.frl. Troch de wichtige fynsten te digitalisearjen, moatte se tagonkliker wurde foar in breed publyk.