Pieter Weening docht net mei oan de Giro

Pieter Weening (hjir op argyffoto) © ANP
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema docht dit jier net mei oan de Giro. Syn team, Roompot, hat fan de organisaasje fan de Ronde fan Italië gjin wildcard krigen.
Trije Italiaanske teams en in Russysk team ha de ekstra startbewizen krigen. Ploechlieder Erik Breukink fan Roompot fynt it tige spitich. Hy seit klear te wêzen foar syn earste grutte hurdfytsronde mei syn team. Ek hie it neffens him in moaie útdaging west foar de nije oanwinst Pieter Weening. Hy hat earder yn it rôze riden yn de Giro.