Twa 'eksellinte' basisskoallen yn Fryslân

18 jan 2016 - 12:41

Twa Fryske basisskoallen hawwe dit jier it predikaat 'eksellinte skoalle' krigen. It giet om de katolike Sint Michaëlschool yn Harns en de iepenbiere basisskoale De Mienskip yn Bûtenpost. Foar De Mienskip is it de tredde kear dat dy eare harren barre mocht.

Moandeitemoarn mochten skoalbern en dosinten op it skoalplein in doaze iepenje. Dêr siet it berjocht yn dat sy de titel krigen hawwe fan it ministearje fan ûnderwiis.

Skoallen dy't yn de beneaming komme woene, moasten harren oanmelde en waarden troch in sjuery beoardiele op in grut tal kritearia. De twa skoallen meie har no de kommende trije jier 'eksellinte skoalle' neame. Yn totaal hawwe 131 skoallen yn Nederlân it predikaat moandei krigen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)