Soer ferlies foar Harkiten

14 apr 2012 - 16:43

Yn de striid tsjin degradaasje hat Harkemase Boys sneontemiddei djoere punten lizze litten. Op sportpark de Bosk waard mei 3-2 ferlern fan IJsselmeervogels. De Harkiten kamen al nei 3 minuten op foarsprong troch in doelpunt fan Erolind Derguti. Nei de lykmakker yn de 33e minút sette Oebele Schokker syn ploech krekt foar rêst op 2-1.

Nei it skoft koenen de Harkiten net foarkomme dat IJsselmeervogels op likense hichte kaam. De wedstriid einige noch soerder doe't de gasten optimaal profitearren fan in penalty yn de slotfaze.

Harkemase Boys bliuwt op it 13e plak stean mei 22 punten út 27 wedstriden. Troch it ferlies fan konkurrint SVZW en it lykspul fan nûmer 15 Montfoort bliuwt de skea lykwols beheind.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)