"Hacken petysje is ynbreuk op frijheid fan mieningsutering"

Ljipaaien © Henk Bootsma
It hacken fan de petysje 'laatliggendatei.nl' is in grutte ynbreuk op de frijheid fan mieningsutering. Dat sizze de jongereinorganisaasjes DWARS fan GrienLinks en Jonge Demokraten fan D66. Se fine it spitich dat de petysje no net mear op ynternet stiet. "Júst no moat trochset wurde mei sa'n petysje", sizze se.
Dit wykein waard bekend dat de petysje fan GrienLinks dy't opropt ta it ferbieden fan it sykjen fan aaien, hackt wie. GrienLinks hat doe de petysje offline helle.
It Bûn Fryske Fûgelwachten (BFVW) hat ek in petysje op ynternet stean, foar de foarstanners fan it aaisykjen. De jongereinorganisaasjes fine dat it BFVW alle ûndertekeningen dy't dit wykein dien binne, net meitelle mei. Minksen kinne by fersin de ferkearde petysje tekene ha, sa tinke se.