Man rydt tsjin beam en rekket ferwûne by Surhústerfean

18 jan 2016 - 06:13

By in iensidich ûngelok op de Blauwhústerwei by Surhústerfean is sneintejûn in man ferwûne rekke. De man is nei alle gedachten mei syn auto yn in slip rekke en kaam fia de berm en it fytspaad tsjin in beam ta stilstân. Dat gebeurde om goed kertier oer alven.

De bestjoerder is mooglik krekt foar it ûngelok net goed wurden. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Surhústerfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)