Business Club Thialf ferdûbelet it tal tribuneplakken

17 jan 2016 - 18:49

De Business Club fan it fernijde iisstadion Thialf op It Hearrenfean sil útwreidzje. Troch de groei fan it ledetal is in grutter oantal tribuneplakken needsaaklik. Dêrom wurdt yn it nije Thialf it tal plakken ferdûbele, nei yn totaal 400 unike plakken.

Direkteur Eelco Derks fan Thialf is wiis mei de groei fan de Thialf Business Club. Hy ferwachtet dat it nije Thialf, dat oan de ein fan 2016 iepene wurdt, in ynspirearjende lokaasje wurde sil foar fergaderingen, kongressen en saaklike eveneminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)