Mosk opnij de meast telde túnfûgel yn Fryslân

17 jan 2016 - 17:58

De mosk is lykas ferline jier de meast telde túnfûgelsoart yn Fryslân by de Nasjonale Túnfûgeltelling. De fûgelsoart stiet al in oantal jier op nûmer ien, om't it fûgeltsje yn grutte groepen libbet. Ek de nûmer twa en trije yn de list fan meast telde túnfûgels yn Fryslân binne itselde as ferline jier: de blokmies, folge troch de klyster.

Yn totaal dienen sa'n 50.000 minsken dit wykein mei oan de Nasjonale Túnfûgeltelling. Yn Fryslân wiene dat in goede 2.300. De measten telden yn eigen tún. It is it grutste saneamde 'citizen science' evenemint fan Nederlân.

De telling waard dit jier foar de trettjinde kear organisearre troch Fûgelbeskerming Nederlân yn gearwurking mei Sovon Fûgelûndersyk Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)