Basketballers Aris ferlieze fan koprinner Landstede

17 jan 2016 - 16:02

Aris koe it net rêde tsjin koprinner Landstede. De Ljouwerter basketballers ferlearen mei 90-75. Yn it earste kwart pakte Aris noch brutaalwei de foarsprong met 23-15. Yn it twadde kwart sette Landstede de saken wer rjocht en de rêststân wie 42-35.

Nei de rêst naam Landstede de foarsprong, mar makke Aris it harren dochs noch wol dreech. It tredde kwart waard 69-57. Yn it fjirde kwart kaam Aris der eins net mear oan te pas.

De belangrykste spiler fan Aris wie yn dizze wedstriid Javier Duren mei 17 punten.

Trefwurden: 
basketbal Aris Landstede
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)