Treinkondukteur mishannele

14 apr 2012 - 16:04

In man (19) fan Twizelerheide is freedtejûn op it stasjon yn Ljouwert oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan in kontroleur. De man siet yn de trein fan Grins nei Ljouwert yn in earsteklasse-kûpee, mar hie in kaartsje foar de twadde klasse. Doe't de man hjirfoar in bekeuring krige, waard er agressyf. Hy pakte ien fan de kontroleurs fan achteren beet en knypte dêrby hiel fûl. De kontroleurs warskôgen dêrop de plysje.

Doe't de trein op it stasjon oankaam waard de man oerdroegen oan de plysje en meinommen nei it buro foar neier ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)