Graffityspuiter pakt by trein

14 apr 2012 - 14:20

In man (20) út Aldegea Smellingerlân is sneontemoarn betiid op it ranzjearterrein yn Ljouwert oanhâlden op fertinking fan fernielerij. De plysje krige in melding dat der treinen bespuite waarden mei graffity. Doe't se oankamen koe de man út Aldegea oanhâlden wurde, twa oaren wisten te ûntkommen.

De fertochte waard oerbrocht nei it buro en ynsletten foar neier ûndersyk. Der is sa'n 45 kante meter trein bespuite.

Trefwurden: 
trein graffity
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)