Gjin tredde Draitfestival

Se hiene grutte plannen by it Draitfestival yn Drachten. De earste edysje fan it festival duorre ien dei, yn 2011 wiene dat der al trije. De tredde edysje soe noch grutter wurde mei ûnder oare in optreden fan Iris Kroes. It bliuwt lykwols by plannen, want it festival giet dit jier net troch. Fanwege jildkrapte hat it bestjoer freedtejûn besletten dat de tredde edysje op 18, 19 en 20 maaie net trochgean kin.
It beslút betsjut net de ein fan it festival. It bestjoer sil ûndersykje oft in part fan it programma trochgean kin op in oare lokaasje.
Takommend jier komt der wol wer in Draitfestival, sa seit it bestjoer.