Jonges fertocht fan ôfparsing

De plysje fertinkt trije jonges fan ôfparsing. De trije fan 16, 17 en 18 jier soene winkels yn Drachten en Ljouwert brieven stjoerd ha dat se 100 euro betelje moasten om befeilige te wêzen tsjin tanimmende kriminaliteit. De âldste fan 'e trije waard tongersdei oppakt, doe't er by in winkel oan De Kolken yn Drachte it jild ophelje soe.
De winkelman wegere it jild te jaan en dêrop naaide de jonge út. Hy koe letter oanhâlden wurde omdat der in goed sinjalemint fan him wie. De winkelman hie de jonge earder ek sjoen yn it selskip fan de oaren.
Ek dy koene dêrtroch oppakt wurde. Tsjin de trije is proses-ferbaal opmakke.