Bûnte reidhintsjes yn Houtwiel

Yn natuergebiet De Houtwiel by Broeksterwâld binne sân bûnte reidhintsjes ûntdutsen. De boskwachters fine it in mystearje dat dizze moerasfûgels hjir ynienen opdûkt binne. Yn it hiele lân wurde dizze fûgels per jier mar op sa'n 125 plakken sjoen. De iennichste manier om dizze fûgels te ûntdekken is troch se te hearren, se hawwe in hiel apart lûd.
Foar de echte leafhawwers organisearret Steatsboskbehear sneontejûn 14 april om 20.15 oere in ekskurzje yn de Houtwiel.