Twa auto's yn sleat by ûngelok

14 apr 2012 - 09:32

Tusken Blije en Ferwert is in autobestjoerder (47) út Tollebeek sneontemoarn frontaal yn botsing kaam mei in tsjinlizzer. Troch de klap rekken beide auto's yn'e sleat. De feroarsaker fan it ûngelok is troch de helptsjinsten út de auto helle. Yn de oare auto sieten twa personen dy't sels út de auto komme koenen.

De plysje hat in skoft lang dwaande west mei it ûndersyk. De dyk wie sneontemoarn oerenlang ôfsletten foar it ferkear. Allinnich bussen waarden oer it fytspaad trochlitten. It oare ferkear moast omride.

Trefwurden: 
ûngelok sleat Ferwert Blije N357
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)