Moaie winst Cambuur yn Helmond

13 apr 2012 - 21:56

SC Cambuur hat de útwedstriid tsjin Helmond Sport mei 3-1 wûn. Dêrtroch binne de Ljouwerters wis fan dielname oan de play-offs. Martijn van der Laan tekene nei in goed healoere mei in prachtich skot foar de earste Ljouwerter treffer. Krekt foar it skoft ferdûbele Martijn Barto de foarsprong. Bob Schepers soarge yn de 57e minút foar noch mear eufory oan Cambuur kant: 0-3. De earetreffer fan de thúsploech kaam fan Zarko Grabovac.

Zwolle is kampioen nei de 0-0 tsjin Eindhoven. Cambuur is fiifde mei 53 punten út 32 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)