Hiemstra: Unrêst oer REC

13 apr 2012 - 20:03

De ienmansfraksje yn provinsjale steaten Friese Koers wol dat deputearre Poepjes oan de ried fan Harns tekst en útlis jout oer de mjitgegevens fan Omrin. Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra is der yn Harns grutte ûnrêst ûntstien oer de mjitgegevens fan de REC-ôffaloven.

De REC soe kear op kear net foldwaan oan de miljeufergunning dy't de provinsje ôfjûn hat. Ek soenen mjitgegevens en oertredings pas te let bekend wêze. Friese Koers wol dat in ekstern buro tenei de gegevens berekkenet

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)