Fryske Donald Duck presinteard

13 apr 2012 - 17:17

Op It Hearrenfean seach freed de earste Fryske edysje fan de Donald Duck it ljocht. It earste eksimplaar waard yn Sportstêd Hearrenfean útrikt troch kommissaris fan de Keninginne Jorritsma mei in tal bekende sporters oan in jonkje.

De ferhalen spylje har ôf yn 'e provinsje en gean oer typysk Fryske ûnderwerpen lykas it skûtsjesilen en de Alvestêdetocht. De edysje is benammen in promoasjestunt by it 60-jierrich bestean fan de Donald Duck.

By de Afûk binne njoggen stripferhalen oerset. De samlers moatte der rap by wêze, it blêd ferskynt yn in oplage fan 30.000 stiks.

Trefwurden: 
Frysk Donald Duck
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)